Farsk is in literêr ynternet-tydskrift (ISSN 1570-5900).
Farsk is begûn op 21 febrewaris 2003 troch Abe de Vries dy't earder redakteur wie by Kistwurk. Hy foarmet mei Ytsje Hoekstra, Joke Corporaal, Henk Wolf en Cornelis van der Wal de redaksje. Njonken de digitale ferzje, dêr't ien kear yn de fjirtjin dagen in nije ferzje fan útkomt, binne der ek papieren temanûmers, de Farskskriften. Fierders wurde der jierboeken útbrocht, seleksjes út de digitale ferzje: dy fan 2003 en 2004 binne al ferskynd.
De earste redaksje fan Farsk bestie njonken Abe de Vries út Jetske Bilker, Albertina Soepboer en Marc Kooij. De lêste trije stapten yn augustus 2005 op.
Yn 2004 luts Farsk 45.000 besikers, sawat it dûbele fan 2003 (23.000).