Jeropa, wurdt meast sjoen as in apart wrâlddiel, al foarmet it tegearre mei Aazje ien grutte lânmassa dy't Jeraazje neamt wurdt. Ta Jeropa wurdt it gebiet rekkene tusken yn it súden de Middellânske See, yn it westen de Atlantyske Oseaan, inklusief Yslân, yn it noarden de Poalsee en yn it easten de Ural, de Uralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus. De lange skiednis fan behearsking fan de Middellânske see troch Grikelân en it Romeinske Ryk hat ta gefolch hân dat alle eilannen yn de Middellânske see dy't net tsjin de kust oan lizze ek ta Jeropa rekkene wurde.
Jeropa hat in befolking fan likernoch 666.498.000 ynwenners (2001), en in gebiet fan sawat 10.400.000 km2.
Gibraltar, Guernsey, Jersey en Man binne allegearre saneamde crown dependencies ("gebieten dy't ôfhinklik binne fan de Kroan") fan Grut-Brittanje. Yn it gefal fan Gibraltar giet it om in eardere koloanje, wylst Guernsey en Jersey (dy't mei-inoar de Kanaaleilannen foarmje) en it eilân Man, yn de Ierske See, fanâlds kroandomeinen wienen. Akrotiri en Dhekelia binne soevereine Britske legerbases op Syprus. De berch Athos, yn noardlik Grikelân, ek wol bekend as Agion Oros ("Hillige Berch"), foarmet in semy-autonome mûntserepublyk. De Faeröer binne in oerseesk gebietsdiel fan Denemarken mei folslein selsbestjoer. En Jan Mayen en Spitsbergen binne - ôfsjoen fan ûndersikers, militêr personiel en mynwurkers - ûnbewenne gebietsdielen fan Noarwegen.
Fierders binne der noch trije gebieten mei in ûnwisse status:
Europa | Europa | Europa | Europa | أوروبا | Europa | Iwrupa | Avropa | ইউরোপ | Эўропа | Европа | Europa | Evropa | Europa | ᎡᎶᏆ | Europa | Evropa | Eùropa | Европа | Ewrop | Europa | Europa | Ευρώπη | Europe | Eŭropo | Europa | Euroopa | Europa | اروپا | Eurooppa | Evropa | Europe | Europe | An Eoraip | Europa | Europa | Europa | યુરોપ | 유럽 | ʻEulopa | אירופה | यूरोप | Europa | Ewòp | Európa | Europa | Eropa | אייראפע | Europa | Evrópa | Europa | ヨーロッパ | ევროპა | Еуропа | ಯುರೋಪ್ | Ewropa | Europa | Europa | Europa (Kontinent) | Europa | Europa | Eiropa | Ūropi | Европа | Europa | Eropah | Iurop | Eutlocpan | Europa | Europa (continent) | Europa (continent) | Europa | Europa | Euròpa | Европæ | Europa | Europa | Iwrupa | Europa | Europa | Evropa | Европа | Europa | Europa | Europe | Eurohpá | Evropa | Europe | Európa | Evropa | Evropa | Европа | Europa | Europa | Ulaya | ஐரோப்பா | ทวีปยุโรป | Europa | Yurop | Avrupa | Европа | Європа | Evropa | Châu Âu | Urope | Europa | 欧洲 | Au-chiu