article

Dongeradiel (Dongeradeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 25.008 ynwenners; en mei in gebiet fan 265,82 km². Dêrfan is 98,58 km² wetter.

Skiednis


It gebiet fan Dongeradiel wie al bewenne om it begjin fan de jiertelling hinne. Dongeradiel wie part fan Eastergoa, en nei't dat om 1250 hinne split waard wie it in part fan de Noardlike njoggen. Wylst Dongeradiel selstanniger waard, waard Dokkum in sêlsstannige stêd, en kaam der in ûnderskied tusken it Dongeradiel by de eastside fan de Peazens, en it Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte grietenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.

Yn 1984 is yn de gemeentlike weryndieling út de gemeenten East-Dongeradiel, West-Dongeradiel en Dokkum, wer de nije gemeente Dongeradiel foarme.

Plakken


It haadplak is Dokkum en de oare plakken yn de gemeente binne: Boarnwert, Brantgum, Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Foudgum, Hantum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, Holwert, Ie, Ingwierrum, Jouswier, De Lytse Jouwer, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Moddergat, Nes, Nijewier, Peazens, Raard, Ternaard, Waaksens, Wetsens en Wierum

Sjoch ek


Eksterne ferwizing


Webstee fan de gemeente

Gemeente yn Fryslân | Dongeradiel

Dongeradeel | Dongeradeel | Dongeradeel | Dongeradeel | Dongeradeel | Dongerediel | Dongeradeel | Dongeradeel

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Dongeradiel".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld