Map NL Kollumerlân De Trieme.png fan De Trieme]]
De Trieme (Triemen) is in doarp yn de gemeente Kollumerlân. mei 373 ynwenners (1 jannewaris 2004).
Skiednis
De Trieme is yn syn kearn in
streekdoarp. It is earst sûnt
1940 ûnôfhinklik; foar dy tiid wie it in
buorskip ûnder
Westergeast. De namme komt lykwols al foar yn in akte út
1467, as "op 'e Trema" ("
op de seewarring").
De Trieme wie fan âlds in plak dêr't de adel syn simmerhuzen hie. In restaurearre wenbuorkerij stiet op it plak dêr't de grytmansfamylje Van Aylva harren simmerhûs Bommelatijer hie.
Kristlike skoalle
De kristlike skoalle fan De Trieme, dy't yn
1876 stifte is troch de earste otterdokse dûmny fan
Aldwâld, ds. Joh. Politiek, wie de earste kriststlike skoalle yn'e wide omkriten. De bern kamen sels út Aldwâld en
Kollumersweach.
Yn 1957 is der in nije skoalle kommen. Dy leit tichter by Westergeast. Dit hie te meitsjen mei dat de skoalle yn Westergeast doe opheven is.
Strjitnammen
- De 'Van Hanecrootsingel' fan it doarp hâldt de namme libben fan de Dútske ofsier Everhard van Hanecroot, dy't op De Trieme wenne.
- De nammejouwing fan de 'Migchelbrinkwei' is ûntstien troch in misferstân. Master Migchelbrink wie haad fan de iepenbiere skoalle fan Aldwâld. It misferstân sil der kommen wêze om't Migchelbrink en ds. Politiek net allinne buorlju wienen, mar ek in mienskiplike leafhabberij hienen. Master wie dwaande mei nije ierpelrassen en dûmny hie syn kas.
Natuerreservaat
Ta De Trieme heart ek
natuerreservaat De Dôle. Dit reservaat, dat 3 bunder grut is, is partikulier besit, mar wurdt beheard troch
It Fryske Gea. Der briede in protte fûgels yn it reservaat en der komme ferskate moerasplanten foar.
Untwikkeling ynwennertal
Kollumerlân | Triemen