De Kast wie in Fryske band dy't foaral Nederlânsktalige popmusyk makke. Harren grutste sukses wie lykwols yn 1997 doe't se bekend waarden mei it Frysktalige nûmer In nije dei. Dit nûmer wie filmmuzyk út de Frysktalige spylfilm De Gouden Swipe. Yn itselde jier wûn De Kast ek de Fryske Poppriis. Yn 1998 wûnen se de Edison foar de bêste Nederlânske groep.
Alde Kast
De Kast kaam yn
1992 fuort út de eardere groep
Wish to Escape.
Oarspronkelike besetting:
Op 21 desimber 2002 joech De Kast it lêste konsert yn de âlde besetting yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse giene hjirnei fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep Spanner.
Nije Kast
De Kast gong yn jannewaris
2003 fierder mei
Jan Tekstra as sjonger en
Fokke de Jong as drummer. Fan oktober 2003 oant jannewaris
2004 neamd de band him
De Nije Kast, om oan te jaan dat hja net mear deselde groep wienen as dêrfoar, mar de platemaatskippijen retten harren de âlde namme wer te brûken. Troch de teloarstellende plateferkeap, en de oanhâlde ferlykings mei de âlde besettings besleat de groep der mei op te hâlden. Op
4 july 2004 joech De Kast syn ôfskiedsoptreden yn de
Teatertún yn
Riis.
De Kast