article

Dútslân (Bundesrepublik Deutschland) is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2005 Angela Merkel.

Dútslân wurdt begrinzge troch:

Geografy


Hichte

Dútslân wurdt fan it suden nei it noarden hieltyd leger. Yn it suden lizze de Beierske Alpen mei de Zugspitze as heechste punt. Dan komt it middelbergte fan de Swabyske Alpen en de Frankyske Alpen en it Sauerlân en de Harts. Dêrfoarby leit it Noarddútsk leeachlân, mei it djipste punt yn Neuendorf yn Sleeswyk-Holstein.

Eilannen

Yn de Eastsee lizze tsjin de kust oan noch in tal Dútske eilannen, en yn de Dútske Waadsee lizze de waadeilannen. En fierder fan it fêstelân leit yn de Dútske Bocht het eilân Helgolân.

Rivieren

De Donau rint fan West nei East troch Súd-Dútslân, en giet dan fierder de grins mei Eastenryk oer. De Ryn streamt lâns de grins mei Switserlân en de grins mei Frankryk, en streamt dan fierder nei it noarden oant dy de grins mei Nederlân oergiet. Yn it leechlân streamje de Eems, de Weser en de Elbe nei it noarden en noardwesten nei de Noardsee. Yn Meklenburch-Foarpommeren streame ferskate lytse rivierkes nei de Eastsee. De Neise en Oder foarmje de grins mei Poalen, oant de Oder it lêste stik troch Poalen nei see streamt.


Kaart


de-kaart.png
boarne: The World Factbook CIA

Dielsteaten


Gearwurking


East-Dútslân wie fan 1950 oant 1990 stiftend lid fan it Warsjaupakt. Dútslân is sûnt 1950 lid fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1955 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. It lân is in stiftend lid fan de Jeropeeske Uny (1957). Sûnt 1973 is Dútslân lid fan de Feriene Naasjes.

Jeropa | Duitsland | Deutschland | Alemaña | Þēodiscland | ألمانيا | Alemaña | Almaniya | Нямеччына | Германия | Alamagn | Njemačka | Alemanya | Německo | Германи | Yr Almaen | Tyskland | Deutschland | Γερμανία | Germany | Germanio | Alemania | Saksamaa | Alemania | آلمان | Saksa | S'aksamaa | Týskland | Allemagne | Gjermanie | An Ghearmáin | A' Ghearmailt | Alemaña - Deutschland | Alemaña | 독일 | גרמניה | जर्मनी | Njemačka | Németország | Germania | Jerman | דייטשלאנד | Germania | Þýskaland | Germania | ドイツ | Jerman | გერმანია | ಜರ್ಮನಿ | Almanya | Almayn | Germania | Däitschland | Duutsland | Alémani | Vokietija | Vācija | Tiamana | Германија | Ӂермания | जर्मनी | Jerman | Ġermanja | Germany | Alemantlan | Düütschland | Duutslaand | Duitsland | Tyskland | Tyskland | Alemanha | Герман | Deitschland | Niemcy | جرمني/آلمان | Alemanha | Germania | Germania | Ghirmânii | Германия | Zermània | Girmania | Duiska | Nemačka | Germany | Nemecko | Nemčija | Gjermania | Немачка | Tôitšhi | Tyskland | ஜெர்மனி | สหพันธ์สาธารณรัฐเยอรมนี | Alemanya | Siaman | Almanya | Німеччина | Germania | Đức | 德国 | Tek-kok | Germany

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Dútslân".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld