Map NL Kollumerlân Boerum.png fan Boerum]]
Boerum (Burum) is in terpdoarp yn it súdeasten fan de gemeente Kollumerlân. It doarp hat likernôch 625 ynwenners.
Lizzing
Boerum leit oan de noardkant fan de
Grinzer Strjitwei, tusken
Bûtenpost en
Gryptsjerk, op 53°16'N - 6°14'E. It doarp hat fia de
Boerumer Feart, ek wol
Skipsleat neamd, in wetterferbining mei de
Lauwers, dy't sûnt de oanlis fan de
N355 lykwols gjin iepen ferbining mear is.
Untstean
Boerum is in terpdoarp, yn de betide midsieuwen ûnstien op in kwelderwâl. It doarp waard yn
1408 foar it earste neamd yn in oarkonde, dêr't yn stiet dat de Boerumers de tsjerke oerdroegen oan de abt fan it
kleaster Jeruzalem yn
Gerkeskleaster. It wurdt dan
Burum neamt, de troch de mûntsen ferlatynske foarm fan "de buorren".
De tsjerke
De tsjerke dy der no stiet is boud yn
1784. De moai snijde preekstoel is fan
1754. Ek hat de tsjerke hearebanken; de moaiste dêrfan is faaks dy fan de famylje
Fogelsangh.
De rjochtstien
Op it tsjerkhôf is yn
1969 de op 'e nij fûne
rjochtstien wer werom setten. De abt fan
Gerkeskleaster beneamde de doarpsrjochter. Der waard rjocht sprutsen yn de iepenloft op it wijde tsjerkhôf.
In tinkstien yn de tsjerkemuorre hâldt dit yn oantinken.
De mûne Windlust
Njonken de tsjerketoer falt by it doarpsoansjen benammen de mûne op. Op it plak fan
Windlust, de tsjintwurdige mûne twa kilometer nei it súdwesten oan de Grinzer Strjitwei, waard yn
1694 al in mûne neamd. De nôt- en pelmûne
Windlust sels datearret út
1787.
Yn 1997 ferkocht de lêste private eigner de mûne oan de gemeente Kollumerlân, en de mûne kaam doe yn behear fan de monumintenkommisje fan de gemeente. Yn 1999/2000 waard de mûne restaurearre en wer ree makke foar it meallen. Sûnt 6 maaie 2000 is de mûne wer yn it wurk, mei frijwillige mûnders. Der is in bân ûntstien mei de mûne "De Immigrant" yn in Falton (Illinois) yn de Feriene Steaten.
It grutte ear
Boerum is benammen ek bekend fanwege
It Greate Ear, in grûnstasjon foar satellytkommunikaajse, likernôch in kilometer noardwest fan it doarp oan de ein fan de Wytsmawei. It waard yn 1962 boud troch de
PTT, en de satellytkommunikaajseteleskoop dêr krige doe yn de folksmûle de namme "it grutte ear". It tal fan teleskopen is groeit, mar it hjoeddeiske stasjon, besit fan Xantic b.v, in gearwurkingsferbân fan
Austraalje,
Noarwegen en
Nederlân, fiert de namme no ek offisjeel. Op it stasjon wurdt it satellytferkear ûntfongen dat dan fia kabels fierder ferstjoerd wurdt nei de klanten. Njonken de gearwurkende lannen meitsje ek omlizzende lannen gebrûk fan it stasjon, dat tegearre mei de tsjinhinger yn
Perth hast elts punt boppe de ierde dekt.
It frouljuskeaster Galilea
Yn
1204 stifte it sisteniënzer kleaster Jeruzalem it frouljus
kleaster Galilea besúden Boerum. Dit wie bedoeld foar "gewoane" froulju. It kleaster hie in hechte bân mei it doarp. Sa wie bygelyks de
prior faak ek pastoar fan Boerum. Yn
1479 kaam der in skieding tusken it besit fan Jeruzalem en Galilea. Galilea krige 720
pûnsmiet lân. Dit besit wreide him troch lettere skinkings fierder út.
Yn 1580 ferfûl it besit oan de Steaten fan Fryslân. Sa stadichoan waard it kleaster ôfbrutsen. Doe't der yn 1585 in skâns oanlein wurde moast yn Muntsjesyl waard wat noch oer wie dêr foar brûkt. Op it plak dêr't it kleaster stean hat, Fryske Strjitwei 1-3 oan de súdkant fan de dyk, leit no in monumintale kop-hals-romppleats út om 1905 hinne.
It kleasterbesit wie in 24 pleatsen mei yn 't gehiel 1.180 pûnsmiet lân. Om de safolle tiid ferkochten de Steaten hjir nei 1600 wer in part fan. Wol moasten de keapers fan dat lân meiïnoar it traktemint fan de dûmny opbringe en de tsjerke en de skoalle ûnderhâlde. In protte fan it besit kaam yn hannen fan Sjouck van Fogelsangh, dy't fan harsels in Donia wie.
Untwikkeling ynwennertal
Keppeling om útens
Kollumerlân | Burum