Belgje (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lân in West-Jeropa. De haadsted is Brussel, wat ek wurdt beskôge as de politike haadstêd fan Jeropa. De kening fan de monargy is sûnt 1993 Albert II
Belgje wurdt begrinzge troch:
Bestjoerlik is de steat Belgje opdield yn
Waloanje,
Flaanderen en it gewest Brussel.
Geografy
Hichte
Belgje wurdt fan it easten nei it westen hieltiid leger. Yn it easten binnen de
Ardennen en de
Hege Feanen, mei as heechste punt it
Signal de Botrange. Dan it gebiet tusken de rivieren, wat net sa heech is, mar dêr't al noch hichteferskillen binne. En perslot komt yn it westen it flakke lân, mei
polders yn it binnenlân en
dunen oan de seekust.
Rivieren
Yn it easten komt de
Maas út Frankryk nei it noarden it lân yn, komt by
Namen gear mei de
Samber, rint dan nei it noardeasten nei
Luik, en rint dan wer nei it noarden Nederlân yn. Westliker komt de
Skelde by
Doornik út Frankryk it lân yn, rint nei it noarden nei
Gent, dan eastliker nei
Antwerpen, en fan dêr nei de Nederlânske grins. Yn it westen komt de
Yser út Frankryk en rint yn de omkriten fan
Nijpoart yn see.
Kaart
be-kaart.png
boarne: The World Factbook CIA
Gearwurking
Belgje is in stiftend lid fan de
Benelúks (
1944), de
Feriene Naasjes (
1945), de
Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (
1949), de
Rie fan Jeropa (
1949) en de
Jeropeeske Uny (
1957).
Keppelings om utens
Jeropa
België | Belgien | Belchica | Belgium | بلجيكا | Bélxica | বেলজিয়াম | Бэльгія | Белгия | Belgija | Bèlgica | Belgie | Бельги | Gwlad Belg | Belgien | Belgien | Βέλγιο | Belgium | Belgio | Bélgica | Belgia | Belgika | بلژیک | Belgia | Belgiä | Belgique | Bèlg·ique | Belgjiche | An Bheilg | A' Bheilg | Bélxica - België | 벨기에 | בלגיה | Belgija | Bèljik | Belgium | Belgica | Belgia | Belgia | Belgía | Belgio | ベルギー | Belgia | ბელგია | Belçîka | Pow Belg | Belgia | Belsch | Belsj | Belgija | Beļģija | Белгија | Belgium | बेल्जियम | Belgium | Belgium | Belgien | België | België | Belgia | Belgia | Belgique | Belgica | Бельги | Belgia | بلجيم | Bélgica | Belgia | Belgia | Бельгия | बेल्जियम | Belgiu | Belgia | Belgium | Belgicko | Belgija | Belgjika | Белгија | Belgien | ประเทศเบลเยียม | Belhika | Belçika | Бельгія | Bỉ | Beldjike | 比利时 | Belgien