article

De Basiliuskatedraal is ien fan de meast ferneamde gebouen fan Moskou en stiet oan it Reade Plein. De bou sette útein yn 1552 yn opdracht fan tsaar Iwan de Ferskriklike en duorre oantenmei 1561. Reden foar de bou wie de oerwinning fan de Russen op de Tartaarske stêd Kasan. De arsjitekt hat nei alle gedachten Posnik Jakowlew west. It ferhaal giet dat him, yn opdracht fan de tsaar, de eagen útstutsen binne om sa foar te kommen dat de arsjitekt ea wer sa'n moai gebou meitsje soe.

Offisjeel hiet it gebou de Maria-Foarspraak(?)Katedraal, mar stiet better bekind as Basiliuskatedraal, nei de "hillige dwaas" Wassili, dy't hjir begroefen leit. It monumint is neffens de tradisjoniele Russyske houtarsjitektuer boud. Net earder as yn 1670 binne de sipelfoarmige koepels beskildere yn ferskate kleuren, dêrfoar wie it gebou wyt mei goudkleurige koepels.

De katedraal is in wichtich plak foar Russysk-Otterdokse leauwenden.

Basilius-Kathedrale | Saint Basil's Cathedral | Cathédrale Saint-Basile de Moscou | כנסיית ואסילי הקדוש | Katedral Santo Basil | Cattedrale di San Basilio | 聖ワシーリー寺院 | წმინდა ბასილის საკათედრო ტაძარი | Basiliuskathedraal | Собор Василия Блаженного | Vasilijkatedralen | Vasili Blajenní Çirkäwe | 华西里·柏拉仁诺教堂

 

This article is licensed under the GNU Free Documentation License. It uses material from the "Basiliuskatedraal".

Home Pageartsbusinesscomputersgameshealthhospitalshomekids & teensnewsphysiciansrecreationreferenceregionalscienceshoppingsocietysportsworld