Barradeel wie in eardere gemeente yn de Bouhoeke, yn it noardwesten fan Fryslân, mei 6.747 ynwenners (1 jannewaris 1974), en mei in gebiet fan 66,98 km², wêrfan lykernôch 12,54 km² wetter.
Oan de westkant hat Barradiel yn de rin fan de tyd hieltyd stikjes lân oan Harns litte moatten, wertroch it doarp Almenum in de rin fan de ieuwen hieltyd lytser waard. Einlings is it doarp yn twa grinsoanpassings, yn 1955 en 1971, gâns oan Harns tafoege. By de gemeentlike weryndieling fan 1984, waard Barradiel hielendal opdield tusken Frjentsjerteradiel, It Bilt en Harns.
Fierders wienen der trije buorskippen yn Barradiel: Dykshoeke, Koehoal, en Roptasyl.
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Barradiel".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world