Alvestederoute.png De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan sawat 200 kilometer lâns de alve stêden fan Fryslân. Ljouwert, de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht bringt de dielnimmers fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum en dan wer werom nei Ljouwert, dêr't op de Bonke de einstreek leit. Hûnderttûzenen taskôgers wiene by de lêste tochten de kjeld treast en moedigen oan 'e rûte de reedriders oan.
De earste tocht waard op oanstean fan sportpionier Pim Mulier organisearre ûnder de flagge fan it Fryske Iisbûn. Mulier hat ek de ûntwerper fan it Alvestêdekrúske west.
(**) Om't de winter sa lang oan hold yn 1929, waard der doe troch âlve kastleins noch in twadde tocht hâlden, dy't bekend is as de "Tolhúster Alvestêdetocht", nei it kafee dêr't it fertrek en de oankomst wienen.
(***) Nei dielde oerwinnings in 1933 en 1940, waard dit ferbean troch de organisaasje. Jan J. Van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven brutsen dizze regel doe't sy fiifresom as earsten oankamen. Sy waarden diskwalifisearre, mar der is net in oare winner oanwiisd.
Yn 1985 koene foar it earst froulju meidwaan oan 'e wedstryd. Yn dat jier wie de earstoankommende frou Lenie van der Hoorn; in jier letter wie dat Tineke Dijkshoorn; yn 1997 Klasina Seinstra. Fan de kommende tocht ôf komt der in aparte wedstryd foar froulju. Der komt dan ek foar it earst in offisjele winnares.
Elf-Städte-Tour | Elfstedentocht | Elfstedentocht | Elfstedentocht | Elfstedentocht | Elfstedentocht | Elfstedentocht | Elfstedentocht
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Alvestêdetocht".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world