Map NL Kollumerlân Aldwâld.png fan Aldwâld]]
Aldwâld is ien fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. It doarp hat likernôch 840 ynwenners.
Aldwâld leit westlik fan Kollum, op de noardlike râne fan it gebiet fan de Fryske Wâlden, dêr't it lânskip oergiet yn dat fan it eardere kweldergebiet. Der stiet in let goatysk tsjerkje út de 15e ieu.
Skiednis
Aldwâld is, sa't de namme al oanjouwt, in tige âld doarp. Yn
1443 wurdt it al neamd as "
Olte-Wolde". Nei alle gedachten hat der yn de direkte omjouwing fan it doarp in âld bosk as wâld west. De namme "
De Wygeast" (wijde hichte), in buertskip dat tsjintwurdich rekkene wurdt ta Aldwâld, soe tsjutte kinne op in âld heidensk offerplak.
De tsjerke
De tsjerke, sa as dy der no stiet, hat in foargonger hân. In part fan de stienen binne derfân brûkt. It tuorke en de westgevel binne oan it ein fan
17e ieu klear kommen.
Yn de tsjerke hingje in tal roubuorden fan de van Heemstra's. Dizze binne net yn Aldwâld begroeven, de van Heemstra's hawwe dy út Kollum meinommen. Ek stiet der in opfallende hearebank fan de van Heemstra's.
Yn de 18e ieu is de tsjerke, nei de moade fan dy tiid, bepleistere.
By de lêste restauraasje is de pleister der wer ôfhelle en is de âlde stien wer te sjen.
Oan de noardkant stiet de eardere pasorij út 1806. Der is yn 'e rin fan de tiid it nedige oan ferboud.
Op it tsjerkhôf binne twa grêfkelders fan de famyljes Van Heemstra en van Limburg Stirum.
Jan Binnes
Oan de tsjerke is in tinkstien oanbrocht foar
Jan Binnes (Kloosterman), in boer út Aldwâld dy't ien fan de lieders wie fan it
Kollumer Oproer yn jannewaris 1797. Jan Binnes waard op
18 febrewaris 1797 op in grouwelike wize ûnthalse op 'e Brol yn
Ljouwert.
Allemastate
Yn de Wygeast stiet
Allemastate. No in pleats mei de efterein nei de wei. It is in goed foarbyld fan in
sealstins.
It St. Pitersgat
Op Sint Piersdei,
22 febrewaris 1651 sloech in swiere stoarm de
Aldwâldmer Syl oan it
Dokkumer Djip fuort. Der ûntstie in djip gat. No wurdt dat de Poel neamd. In oare namme is It
Mâlegraafsgat.
Dizze namme komt fan de Ingelsman
Donough McCarthy greve Clancarthy. Hy wie as balling út Ingelân yn Aldwâld yn
1698 telâne kommen. Hy naam, it doe al besteande hûs, oan it Sint Pitersgat oer. De greve hie al in wyld libben efter de rêch en dat sette hy dêr troch. Letter hat er in eilân
Rottum kocht en dêr gie it noch frjemder.
It hûs, dat mei ien ferdjipping ferlege is, stiet der noch yn 'e beamen ferskûle. Yn 'e folksmûle wurdt it de Boarch neamd.
Huisternoordaldwald.png
Wat tichter nei Aldwâld ta, is der de Mâle Grevesbrêge.
In tinkstien fertelt it ferhaal oer de wetterfloed en wa't der oer neitinke wol, fynt in pear bankjes oan it wetter.
Suvelfabryk "Huis ter Noord" 1899 - 1996
Yn Aldwâld hat
suvelfabryk Huis ter Noord (ek wol: Huisternoord) de 100 jier krekt net fol makke. Yn
1899 waard de koperaasje troch in 20-tal boeren stifte. Baron van Heemstra fan
Fogelsanghstate út
Feankleaster stie in stik grûn oan de
Strobosser Trekfeart ôf foar de bou fan it fabryk. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt foar rekreaasje.
Kollumerlân | Oudwoude