It Aastersk is it Fryske dialekt fan it eastlike part fan it waadeilân Skylge. It wurdt sprutsen troch likernôch 200 almeast âldere minsken yn it doarp Aasterein en omkriten. Dat sprekkersoantal nimt de lêste tsientallen jierren fluch ôf.
It Aastersk is nau besibbe oan it Skylgersk, it dialekt fan it westlike part fan Skylge. De beide susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan Skylge.
Behalven in sterke ynfloed fan it Hollânsk is der yn it Aastersk ek in lichte Noardgermaanske ynfloed werom te finen. Men kin oannimme dat dy fuortkomt út it feit dat de Skylger maatskippij ieuwenlang op 'e see oriïntearre wie - mei fiskerij en hannel as foarnaamste ynkomsteboarnen - dêr't kontakten mei Skandinavyske lannen of lju út dy kontreien geregeldwei by foarkamen. In foarbyld fan dy ynfloed is bygelyks it wurd "jeure" foar "dwaan". Ferlykje it Deenske "gøre", it Sweedske "göra" en it Noarske "gjøre", werby betocht wurde moat dat yn 'e Noardgermaanske talen, it Deensk útsûndere, in "g" foar in "ø" útsprutsen wurdt as in j-eftige klank.
Yn 1976 waard troch de Fryske Akademy it Woordenboek van het Oosterschellings - Wêdenboek fon et Aasters publisearre.
Lânkaart_lokaasje_aastersk.GIF
Ek de stavering wykt nochal ôf fan it Standertfrysk. Oan 'e ein fan wurden wurdt de letter "g" skreaun wêr't it Standertfrysk "ch" hat: ferlykje "berg"-"berch" en "trog"-"troch". Fierders wurde de stomme "r" en "l" net stavere: ferlykje "east"-"earst" en "sôt"-"sâlt". Ek wurdt it yn 'e Fryske stavering beholden ferskil tusken de "â" en de "ô" net werjûn; it Aastersk skriuwt foar beide "ô": ferlykje "ôd"-"âld". Krekt sa wurdt de "o"-klank fan "hok" altyd mei in "o" skreaun: ferlykje "fon"-"fan". Ek wurdt de lange "ú" (fan "drúf") skreaun as "uu", lykas yn "huus", "hûs". Boppedat komt de letter "û" net foar; dy klank wurdt altyd skreaun as "oe". Oarsom komme der ferskate twaklanken foar dy't it Standertfrysk net ken:
This article is licensed under the GNU Free Documentation License.
It uses material from the
"Aastersk".
Home Page • arts • business • computers • games • health • hospitals • home • kids & teens • news • physicians • recreation• reference • regional • science • shopping • society • sports • world